Sneker Cantorij

Menu
K
P



 

 

 

Sneker Cantorij    

Begonnen in de herfst van 1975, en tot 2016 onder leiding van Bob Pruiksma, groeide de Sneker Cantorij al snel uit tot een ensemble dat met succes aan de muzikale weg timmerde. Het repertoire van de groep bestaat voor het merendeel uit klassieke werken vanaf de Renaissance tot heden, maar ook andere muziek en eventueel daarbij behorende projecten werden in het verleden niet geschuwd.

Momenteel bestaat de Sneker Cantorij uit zeven sopranen, acht alten, vier tenoren en vijf bassen. Het koor staat sinds januari 2016 onder leiding van dirigent Jan Stulp.

 

'Frysklassyk' – Útsûnderlik dûbelkonsert op 3 en 4 novimber 2018

De Sneker Cantorij en Toonkunstkoor Dokkum e.o. slane de hannen yninoar om tegearre yn  in unike presentaasje taal en muzyk byinoar te bringen. Dat alles yn it kader fan Ljouwert – Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 wer’t it Frysk as (minderheids)taal syn plak krijt.

 

Sneker Cantorij

De Sneker Cantorij fiert hjoeddeiske en âldere muzyk út; en dit op in sa heech mooglik nivo. It Fryske Kulturele erfguod wurdt stimuleard troch geregeld Fryske komponisten of Frysktalige koarmuzyk op it programma te setten. Al mear as fjirtich jier sjongt it koar op ‘e earste Krystsnein in Fesper yn de Sint Martinus aan de Singel yn Snits.

 

Toonkunstkoor Dokkum e.o.

De leden fan Toonkunstkoor Dokkum e.o komme út de wide omkriten. Der wurdt op oanstjoerd om ek yn dizze regio oan klassike muzyk rom omtinken te jaan.  In wichtige doelstelling is ek om de leafhawwers fan muzyk yn de gelegenheid te stellen lid te wurden.Elk jier wurdt der minstens ien konsert jûn.

 

Hoe binne we byinoar kommen?

Beide koaren steane ûnder lieding fan dirigent Jan Stulp. Troch him binne we as koaren mei inoar yn ‘e kunde kommen. It like ús skoan ta om yn ‘e mande te gean yn it kader fan Ljouwert – Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 (LF2018).

 

Dûbelkonsert

Op 3 novimber sille yn Snits en op 4 novimber yn Dokkum beide koaren in mienskiplik konsert jaan. It is wol tafallich dat it beide kearen yn in Sint Martinustsjerke is. Gewoanlik steane we yn Snits mei 25 en yn Dokkum mei 60 minsken te sjongen; no sjonge we twa kear yn in gelegenheidskoar fan sa’n foech 85 sjongers. Ek it repertoire dat foar dizze konserten útsocht en skreaun is makket der in unyk barren fan.

Dvořák

Alderearst sjonge we in pear “Biblische Lieder” fan Antonin Dvořák( 1842 – 1904 ). In soad fan syn muzyk hat in Boheemsk karakter: fris en ûnbefongen. Dizze Tsjechische nasjonale komponist komponearde yn 1894 Biblische Lieder op. 99 für Singstimme und Klavier.  Op fersyk fan de Sneker Cantorij hat Jan Stulp in bewurking fan  7 fan dizze oarspronkelike sololieten makke foar fjouwerstimmich koar, strykkwartet en piano. De Tsjechyske tekst is oerset yn it Frysk; dêrby is de tekst fan de Psalmen út de Nije Fryske Bibeloersetting brûkt. Op 20 maaie 2017 wie de première yn Snits ûnder de titel Psalmliet fan Godsbetrouwen en treast

Mobach

Fan de komponist Eelke Mobach ( 1836 – 1898 )wurdt songen Psalm 103 foar piano, solostimmen en mingd koar.  Eelke Mobach waard berne  yn Boalsert, gie yn 1842 nei it Blindeninstituut yn Amsterdam, en folge in muzikale oplieding. Hy waard organist yn Amsterdam, earst fan de Eilântsjerke en de Noardertsjerke, letter fan de Âlde Tsjerke. Hy komponearde benammen religieuze muzyk foar oargel en foar koar. Ferskate wurken wurde noch sa no en dan útfierd. Syn Psalm 103 is komponeard yn in klassyk-romantyske styl dy ’t tinke lit oan de muzyk fan Mendelssohn, en wie jierren efter inoar o sa populêr yn Nederlân. Om’t de Nederlânske tekst hjoed-de-dei argaysk oandocht is der yn it ferjitten rekke. Dizze Fryske fersie is basearre op de Bibeloersetting fan Wumkes-Folkertsma en op de Nije Fryske Bibeloersetting. Dy docht no wer fris en oantrekkelik oan. Yn Boalsert waard de komponist eare troch in strjitte nei him te ferneamen.

Paulus Folkertsma

Fan Paulus Folkertsma ( 1901 – 1972 ) wurdt songen  “Wer binn’ de fjilden grien – Kantate foar koar en orkest opus 52“. Folkertsma wie 40 jier lang ûnderwizer yn Âldeboarn. Yn syn jonge jierren krige er  les op de fioel, letter wie er dirigent fan in fanfare. As komponist wie hy autodidakt. Syn muzikale styl wie romantysk, mei spanning en emosjonaliteit; dêrneist wie dy ek hiel eigen en meinimmend. De kantate “Wer binn’ de fjilden grien“  datearret út 1949 en is komponeard foar de deadebetinking op 4 maaie. De teksten binne fan Douwe A. Tamminga en Fedde Schurer. De orkestraasje ( fluit, hobo, hoarn, trompet, oargel en strikers ) is kundich  en boeiend skreaun. Út it hânskrift – faaks dreech te ûntsiferjen - wei  is in moderne notaasje makke troch dirigent Jan Stulp; Durk Hibma en Piet Damsma hawwe de stavering en it idioom kontroleard. De muzyk makket yndruk, en fertsjinnet it wer útfierd te wurden!     

Unyk karakter

It hat dreech west om it wurk fan Paulus Folkertsma beskikber te krijen. Blêdmuzyk wie der net fan, en ek Tresoar koe ús dêr net oan helpe. Der is oer neifrege by neikomlingen en argiven  yn Aldeboarn wêr’t Folkertsma wei kaam. Úteinlik bliek der in mei de hân skreaune partituer  beskikber  by it Fries Muziekarchief. De bytiden dreech te lêzen teksten, altemets yn âld-frysk, binne mei Jobsgeduld oerset. Sadwaande is it wurk no ek yn in tagonkliker ferzje beskikber foar oare koaren. Dat allinnich al is fan grutte wearde. Ek it wurk fan Dvořák, oarspronkelik yn it Tsjechysk en it Dútsk, is yn it Frysk oerset.

Unike útfiering

De hjirboppe neamde wurken wurde komselden útfierd; en no dan yn in gearwurking tusken twa koaren dy’t hielendal unyk is. Dizze útfiering jout ferskaat, hy jout omtinken oan wurk dat net faak útfierd wurdt. En it jout omtinken oan it Frysk as minderheidstaal. Muzyk songen yn de memmetaal dy’t dêrmei deun by it gefoel fan sangers en harkers komme sil. En dat yn it jier dat taal, kultuer en mienskip sintraal steane. Mei dizze útfiering wurdt oan al dy eleminten ynfolling jûn.

Besetting

- koar:  sa’n 85 sjongers

- 8 strikers

- 7 blazers, 2 hoarn, 2 hobo, 1 fluit, 2 trompet       

- pianist

 

'Frysklassyk' - Uniek dubbelconcert op 3 en 4 november 2018

 

De Sneker Cantorij en het Toonkunstkoor Dokkum e.o. slaan de handen ineen om in het kader van Leeuwarden - Fryslân 2018 Culturele Hoofdstad van Europa en recht doend aan het Fries als een minderheidstaal,  een unieke samenwerking aan te gaan. Taal en muziek komen bij elkaar.

 

Sneker Cantorij
De Sneker Cantorij brengt muziek ten gehore uit verschillende periodes en wil dit op een zo hoog mogelijk niveau uitvoeren. Het Fries cultureel erfgoed wordt ondersteund door regelmatig muziek van Friese componisten uit te voeren of Friestalige koormuziek op het programma te zetten.  Al meer dan 40 jaar organiseert het koor jaarlijks  een Vesper op de 1e Kerstdag in de Sint Martinuskerk in Sneek.

 

Toonkunstkoor Dokkum e.o.

Toonkunstkoor Dokkum e.o. schaart geheel  Noordoost Friesland onder zijn bereik,  wat de leden betreft. Het streven van het koor is om ook minimaal in deze regio klassieke muziek onder de brede aandacht te brengen. Een belangrijke doelstelling is ook  de liefhebbers van muziek actief de gelegenheid te bieden om lid te worden. Minimaal 1x per jaar wordt een concert gegeven

 

Hoe hebben wij elkaar gevonden?

Beide koren staan onder leiding van dirigent Jan Stulp. Via hem zijn wij als koren met elkaar in contact gekomen. We hadden de wens van contact uitgesproken, omdat wij beide graag in het kader van Leeuwarden-Fryslân Europese Culturele Hoofdstad 2018 iets anders wilden doen. 

 

Dubbelconcert

Op 3 november in Sneek en op 4 november in Dokkum zullen beide koren gezamenlijk een concert geven. Toeval of niet, beide keren zal het concert plaatsvinden in de  Sint Martinuskerk. Waar de koren normaal in Sneek met 25 en in Dokkum met 60 mensen staan te zingen, vormen ze nu twee maal een gelegenheidskoor van zo’n 85 zangers. 

Ook het repertoire dat voor deze concerten is uitgezocht en geschreven, maakt het een unieke gebeurtenis.

 

Dvořák

Als eerste klinkt een aantal ‘Biblische Lieder’ van Antonin Dvořák (1841-1904). Veel van zijn muziek heeft een Boheems karakter: fris en ongedwongen. Deze Tsjechische nationale componist componeerde in 1894 Biblische Lieder op. 99 für singstimme und Klavier. Op verzoek van de Sneker Cantorij maakte  dirigent Jan Stulp een bewerking van een 7-tal van deze oorspronkelijke sololiederen, voor vierstemmig koor, strijkkwintet en piano.

De Tsjechische tekst werd hierbij vervangen door de Friese tekst, gebaseerd op de Psalmen in de Nije Fryske Bibeloersetting. De bewerking ging onder de titel ‘Psalmliet fan Godsbetrouwen en treast’ in première op 20 mei 2017 in Sneek.

 

Mobach

Van de componist Eelke Mobach (1836-1898) wordt gezongen ‘Psalm 103 voor piano of orgel, solostemmen en gemengd koor’.

Eelke Mobach werd geboren in Bolsward, ging vanaf 1842 naar het Blindeninstituut te Amsterdam, en volgde een muzikale opleiding. Hij werd organist in Amsterdam, eerst van de Eilandkerk en de Noorderkerk, later van de Oude Kerk. Hij componeerde voornamelijk religieuze muziek, voor orgel alsook voor koor. Verschillende werken worden nog regelmatig uitgevoerd.

Zijn Psalm 103 in een klassiek-romantische stijl, die doet denken aan muziek van Mendelssohn, was jarenlang een erg populair werk in Nederland, maar door de nu archaïsch aandoende Nederlandse tekst is het wat in de vergetelheid geraakt. De nieuwe Friese versie, gebaseerd op de Friese Bijbelvertaling van Wumkes en de Nije Fryske Bibeloersetting maakt het werk weer fris en aantrekkelijk.

In Bolsward wordt de componist Mobach geëerd doordat in 1960 een straat naar hem is vernoemd.

 

Paulus Folkertsma

Van Paulus Folkertsma (1901-1972) wordt gezongen Wer binn’ de fjilden grien – Kantate foar koar en orkest op. 52. Folkertsma was 40 jaar lang onderwijzer in Aldeboarn. Op jeugdige leeftijd kreeg hij vioollessen, hij was later ook dirigent van een fanfare; als componist was hij autodidact. Zijn muzikale stijl was puur romantisch, met spanning en emotionaliteit, maar had ook iets heel eigens en pakkends. De Kantate ‘Wer binn’de fjilden grien’ dateert uit 1949 en werd gecomponeerd voor de jaarlijks dodenherdenking op 4 mei. De teksten zijn oorspronkelijk van Douwe A. Tamminga en Fedde Schurer. De orkestratie (fluit, hobo’s, hoorns, trompetten, orgel en strijkers) is zeer kundig en boeiend geschreven.

Vanuit het (moeilijk leesbare) handschrift is een moderne notatie gemaakt door dirigent Jan Stulp, terwijl Durk Hibma en Piet Damsma daarbij voor taalkundige adviezen en correcties hebben gezorgd.

De muziek is indrukwekkend, en verdient het weer eens uitgevoerd te worden!

 

Uniek karakter

Het heeft veel inspanning gekost om het werk van Paulus Folkertsma beschikbaar te krijgen! Bladmuziek was niet voorhanden, zelfs Tresoar kon ons daar niet aan helpen.  Er is navraag gedaan bij nazaten en archieven in Aldeboarn, waar Folkertsma vandaan kwam. Uiteindelijk bleek een handgeschreven partituur beschikbaar te zijn bij het Fries Muziekarchief.  De soms moeilijk leesbare en soms zeer oud-Friese teksten zijn met een engelengeduld overgezet. Hierdoor is het werk nu ook in een toegankelijker versie beschikbaar gekomen voor andere koren. Alleen dat al is een grote verdienste. Ook het werk van Dvořák is, zoals boven aangegeven, voorzien van een oorspronkelijke Friese tekst. 

 

Unieke uitvoering

Bovengenoemde werken worden zelden uitgevoerd, laat staan in een dergelijke samenwerking.  Deze uitvoering zorgt voor die diversiteit, het geeft aandacht aan weinig uitgevoerde werken.  En het geeft aandacht aan het Fries als minderheidstaal.  Een memmetaal, die zeker gezongen, dicht bij het gevoel van zowel zangers als publiek zal komen. Juist in een jaar waarin taal, cultuur en mienskip centraal staan, wordt met deze uitvoering aan deze elementen invulling gegeven. 

 

Bezetting

Naast het koor, bestaande uit ongeveer 85 zangers, werken 16 musici mee aan dit concert: 

-        8 strijkers

-        7 blazers (2 hoorn, 2 hobo, 1 fluit, 2 trompet)

-        pianist

 

 

De Sneker Cantorij zoekt zangers (m/v)

We kunnen nieuwe zangers goed gebruiken. Heb je belangstelling om met ons mee te zingen neem dan contact op met onze secretaris via het contactformulier op deze website.  Onze repetities zijn op woensdagavond van 20.00 uur tot 22 .00 uur. Je kunt vrijblijvend een keer komen kijken.